Mingde reaksjes op beslút wenweinen Smellingerlân: "Ik had de tranen in mijn ogen"

12 des 2018 - 14:14

De gemeenteried fan Smellingerlân naam tiisdeitejûn unanym it beslút dat se no echt wurk meitsje moatte mei it realisearjen fan 20 ekstra wenweinplakken yn de gemeente. It beslút smyt ferskate reaksjes op.

Foto: Omrop Fryslân

Tranen in mijn ogen

Wurdfierder Antonio Corpier fan de wenweinbewenners yn Smellingerlân kin it in dei letter noch hieltyd net leauwe. "Ik had de tranen in mijn ogen op het moment dat het besluit viel. Je gaat er toch met het idee naar toe dat het wel weer uitgesteld gaat worden. Maar binnen 10 minuten wist ik: dit komt goed."

De wenweinbewenners stride al jierren foar mear plakken yn de gemeente. Mar elke kear wannear't de gemeente in lokaasje oanwiisde, kamen omwenners yn ferset. De gemeente sil tenei trochpakke.

Iedereen telt mee

"Natuurlijk gaan we in overleg, maar bewoners hebben niet langer het veto-recht. We streven niet langer naar 100 procent tevredenheid. Mensen kunnen niet langer zeggen: laat deze beurt maar aan ons voorbij gaan. We moeten al onze doelgroepen bedienen en de woonwagenbewoners zijn ook onze burgers. De raad heeft een duidelijk signaal afgegeven: iedereen telt mee", seit wethâlder Eric ter Keurs.

Wethâlder Eric ter Keurs

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Goed opschieten met de buren

Corpier sil mei de gemeente de plannen fierder ûntwikkelje. Hy hat de wenweinmienskip yntusken mei in brief op de hichte brocht. Dat de gemeente it eardere wenweinplek by Drachtsterkompenije wer ynrjochtsje wol, ropt dûbele gefoelens op.

Yn de jierren '90 moasten se dat plak ferlitte, wêrby't famyljes út mekoar helle waarden. Guon wenweinbewenners fiele harren fuortstoppe op dat plak, oaren fiele it as thúskommen. "We hadden daar in het verleden nooit met discriminatie te maken, we konden heel goed opschieten met de buren", seit Copier.

Striid opjûn

Doet Kallenkoot fan Travellers United sit der hiel oars yn. Syn organisaasje brocht it probleem fan in tekoart oan wenweinplakken lanlik ûnder de oandacht. Neffens him wie it belied al lang fêstlein yn wetten, mar kaam hy ek nei jierren ûnderhanneljen der net út mei Smellingerlân.

Travellers United hat him weromlutsen út Smellingerlân. "Het is jammerlijk dat het zo ver heeft moeten komen." Hoewol't hy bliid is mei it beslút fan de gemeenteried, sil dat beslút de publike opiny net omdraaie, seit Kallenkoot. "Bij nieuwe locaties zal er opnieuw protest komen. Ook al mogen we er dan wonen, dan is het geen fijne start met buren die zeggen dat door jouw komst hun woning een ton minder waard is geworden."

Kallenkoot hat de striid opjûn. "Na 40 jaar wanbeleid is het genoeg geweest."

(Advertinsje)
(Advertinsje)