Binnenfeart boekt flink mear omset mei minder fracht

12 des 2018 - 14:04

Binnenfeartskippers yn Nederlân ha it ôfrûne fearnsjier in flink hegere omset boekt as in jier lyn. De omset wie 17,5 persint heger en dat is de hurdste groei yn sân jier tiid. Dochs ferfierden binnenfeartskippers 5 persint minder fracht as yn itselde fearnsjier in jier earder.

Binnenfeart - Foto: Shutterstock.com

Erik Schultz, vice-foarsitter fan de Koninklijke BLN-Schuttevaer

Neffens vice-foarsitter Erik Schultz fan de Koninklijke BLN-Schuttevaer, de brânsjorganisaasje fan de binnenfeart, komt de hegere omset troch de lege wetterstân yn de grutte rivieren. Hjirtroch koene skippen minder fracht ferfiere en hiene de skippers in goede ûnderhannelingsposysje foar hegere tariven.

Ek yn Fryslân wie de omset heger. Yn it Noarden bleau de wetterstân wol op peil en dêrtroch wie Dútslân better te berikken fia de noardlike rûte: fia de Iselmar troch Fryslân en Grinslân nei Dútslân. Schultz: "We hebben gezien dat er op deze hoofdvaarwegen bijna een verdubbeling van vracht en dus ook hoeveelheid schepen heeft plaatsgevonden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)