Drokke dagen foar PostNL; 50 miljoen pakjes moatte besoarge wurde

12 des 2018 - 13:59

It binne wer drokke dagen foar postbesoargers en sortearsintra. Novimber en desimber binne tradisjoneel drokke moannen en dit jier wurde der wer noch mear pakketsjes besteld en besoarge.

PostNL

Hieltyd mear webwinkels dogge mei oan ynternasjonale 'events' lykas Black Friday. PostNL ferwachtet dit jier lanlik sa'n 50 miljoen pakjes te besoargjen yn de lêste twa moannen fan dit jier.

"We zitten in de piekperiode van 2018", ljochtet Marcel Flapper fan it postsortearsintrum fan PostNL yn Ljouwert ta. "We zijn met man en macht bezig om alles weg te werken. Je ziet dat mensen steeds meer online bestellen. Normaal verwerken we dagelijks zo'n 30.000 pakjes, nu tikken we elke dag 42.000 pakketten aan."

Foto: Omrop Fryslân

Op snein ek sortearje

Yn jannewaris begjinne se al mei de tariedingen. "We noemen dat de SKNJ-drukte, Sinterklaas-, Kerst- en Nieuwjaarsdrukte. Landelijk zette we extra mensen in. We doen er alles aan om de pakketten op tijd bij de mensen te krijgen." Sels op snein wurkje se yn Ljouwert troch. "Zo kunnen we meer spreiden."

Mei reklames wurde konsuminten frege om op 'e tiid te bestellen. "Dat helpt ons weer makkelijker door het proces."

Marcel Flapper fan it postsortearsintrum fan PostNL

Trefwurden: 
drokte PostNL post pakjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)