Undersyk nei ûngelok Stint duorret noch moannen

12 des 2018 - 13:29

It ûndersyk nei it deadlike ûngelok mei de Stint, yn septimber yn Oss, duorret noch moannen. Konklúzjes kinne net earder lutsen wurde as dat plysje en IM alle ûndersyksresultaten hawwe.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

It Iepenbier Ministearje hat woansdei de administraasje fan de produsint fan Stints yn beslach nommen. Dat is bedoeld om safolle mooglik ynformaasje te krijen.

Ien fan de ûndersiken wurdt dien troch it Nederlands Forensisch Instituut. Dat ynstitút sjocht nei de ûnderhâldsskiednis fan de by it ûngelok belutsen Stint en nei eardere ûnderfiningen mei de elektryske bakfyts.

Earder joegen berne-opfangorganisaasjes oan dat se de Stint wer op de iepenbiere dyk ha wolle. Benammen berne-opfangorganisaasjes út it hiele lân brûke de bakfyts. It Fryske bedriuw Friesland Lease hat sa'n 1.200 Stints ferhierd yn it hiele lân, wêrûnder ek hûnderten yn Fryslân.

Trefwurden: 
ûndersyk Stint
(Advertinsje)
(Advertinsje)