Lânboubeurs is walhalla foar de boer

12 des 2018 - 12:27

De nijste saken op it mêd fan boere-ark is te bewûnderjen op de twajierlikse lânboubeurs yn it WTC yn Ljouwert. De beurs is woansdei iepene. Der is fan alles op technologysk mêd, mar ek workshops en saaklike kontakten opbouwe binne ûnderdiel fan de beurs.

Lânboubeurs is walhalla foar de boer

"De beurs is kwa stands folslein útferkocht", fertelt beursmanager Emmy Dijkstra. "It oanbod is wol breder, mar we ha net mear romte." Tema's op de beurs binne ûnder oare duorsumheid en de ferkeap fan twaddehâns apparatuer.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Foar elk wat wils

Foar de boer is it de kommende dagen in walhalla yn Ljouwert. Ien fan de hannelers is Rinze Broekens. "We steane mei apparaten foar akkerbou en feehâlderij. We ha fan alles wat, grutte trekkers, mar ek presyzjelânbou, mei fine technyk. Oan de iene kant is grutter ark nedich troch de skaalfergrutting, mar oan de oare kant sjochst ek mear masines dy't sels it wurk dwaan kinne, harsels oanstjoere. Masines dy't op termyn sels it wurk op it lân dogge. Fryslân is fansels in lânbouprovinsje by útstek. Der is hjir foar elk wat wils."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ek jonge bern sjogge har eagen út mei al dy trekkers. Se binne der yn alle maten en soarten, grut grutter, grutst.

De beurs duorret oant en mei sneon.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Foar it earst dit jier binne der ek echte bisten op de beurs. Der binne krúslingkeallen fan it fokkerijkonsept ProCROSS.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Trefwurden: 
Ljouwert lânboubeurs
(Advertinsje)
(Advertinsje)