Jan Huitema oer oanslach yn Straatsburg: "It fielt hiel ûnwerklik"

12 des 2018 - 11:33

De oanslach op de krystmerk in Straatsburg, wêrby't tiisdeitejûn trije deaden foelen, hat bot yndruk makke op VVD-Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea. Hy sit op it stuit yn de Frânske stêd foar in gearkomste fan it Europeesk Parlemint. "It fielt hiel ûnwerklik", seit Huitema.

Europarlemintariër Jan Huitema - Foto: ANP

VVD-Europarlemintariër Jan Huitema oer de oanslach yn Straatsburg

Fan de sjitpartij sels hat Huitema neat meikrigen, om't hy ûnderweis wie nei syn oernachtingsadres krekt bûten de stêd, mar meiwurkers en kollega's fan him wol. "Ik krige in telefoantsje fan in meiwurker dat der in sjitpartij wêze soe yn it sintrum fan de stêd", fertelt Huitema.

"Dan tinke je direkt: O nee, net wer, it sil dochs net? Dan hoopje je dat it meifalt, dat der net minsken omkomme, der gjin slachtoffers binne. Dat blykt dan wol sa te wêzen. Freeslik foar dy minsken. It soe in moaie jûn út wêze, de krystmerk, en dat einiget dan yn in drama. Freeslik, freeslik."

Foto: EPA

Kollega's fan Huitema wiene wol yn de stêd en in meiwurker fan him hat de hiele opskuor sjoen. "Dy siet yn in restaurant en koe it fan hiel tichteby meimeitsje en mocht it restaurant ek net út. Der wie sels in plysjeman dy't yn it restaurant bleau foar de feilichheid. In Italiaanske kollega hat in deade sjoen op strjitte, in oare kollega siet fol yn de panyk mei minsken dy't fuortdraafden. Myn meiwurkers sieten gelokkich yn it Europeesk Parlemint."

De meiwurkers fan Huitema sieten in skoft opsletten yn it gebou fan it parlemint. Se mochten der net mear út, want fanwege de driging wie it pân op 'lockdown' gien. It parlemint leit wat bûten it sintrum en koe om trije oere tiisdeitenacht wer frijjûn wurde. It sintrum fan Straatsburg bleau nei de oanslach oerenlang ôfsletten.

Huitema wol woansdei sa goed as mooglik de tried wer oppakke en oan it wurk. Dat is neffens him belangryk om sjen te litten dat de terreur it net wint. "Om ús net liede te litten troch eangst. Mar it wurdt in ûnwerklike dei."

(Advertinsje)
(Advertinsje)