Kollum: "Lokkich?"

"Der komt in nij krantsje. Dat hjit ek 'De Nije'. Dat is foar it oare in âlde namme. Yn de 70'er jierren fan de foarige iuw hienen we hjir al in krante dy't De Nije neamd waard. Dy waard makke troch read/griene lju mei in Frysk flachje yn de hân. Dat is no in flagge wurden, want dizze Nije wurdt stipe troch de Ried fan de Fryske Beweging.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Dy fynt dat der better tafersjoch wêze moat op ûnderwizers dy't de bern Frysk leare. No, ik ha it bejierre selskip oersjoen, dat ûnderwiis sil neffens harren nea goed wêze. Smite se dan de ûnderwizers derút? Dan is der hielendal gjin Frysk mear. Mar dat let ek wer neat, ûndersyk hat ommers útwiisd dat Friezen, al binne se útklaaid oant it himd ta, lokkich bliuwe.
De nije Nije is dan ek gjin giel oerstrûperke, wat de eardere Nije wol wie. De nije Nije skriuwt oer ús wielde: iepenbier ferfier, reedriden, de Waadsee, enerzjy en nije boeken. Friezen wurde dêr noch lokkiger fan en keapje enerzjyk in nij boek oer de Waadsee.
Reedriden? Je wurde dochs wat ûngelokkich as je nei de World Cups sjogge. Gjin prestaasjes, gjin publyk. No ja, dy lokkige Friezen sille kommend wykein wol wer gewoan nei Thialf sokkebolje. Miskien justjes minder, want lokkige lju kinne likegoed benaud wêze en dy iishockeyhal donderet sa yn elkoar. Ek sitte we yn oer de rêch fan Sven. Neffens Erben Wennemars in grutter probleem as de oarloch yn Jemen. Lokkich, it oarlochsslachtoffer rydt al mei.
Waarman Pyt Paulusma is in man dy't it folk altyd lokkich meitsje wol. Hy hat sein dat it fan 'e winter wol -20 wurde kin. Kin. Ja, dat is al iuwen sa. De Rânestêd rekke lykwols oerstjoer en sette it Alvestêdebestjoer ûnder druk. Dat sil no, as de rayonhaden har giele oerstrûperkes oanlûke, binnen 48 oeren de tocht organisearje. En dat kin ek, want dy rayonhaden krije in appke. Se kinne tenei samar sjen wat kollega's foar iisdikte ha. Eartiids bellen se wolris mei elkoar, mar dat is no foarby. Net dat sa'n app wichtich is, jo eigen iis moat tsjok genôch wêze. En je moatte der net in sintimeter by dwaan, om't buorman-rayonhaad dat ek hat. Mar de koppen stiene breedút yn de kranten: Frysk folk lokkich mei appke foar rayonhaden.
Krekt as Provinsjale Wettersteat. Dy ha no in digitaal masyntsje, dat telt automatysk skippen en boaten dy't troch in brêge of oer in mar farre. Eartiids, oant en mei juster, setten brêgewachters streekjes op in kladblokje, mar dat kinne se blykber net mear. Der hat miskien ek wol te min tafersjoch west op it rekkenjen yn it ûnderwiis.
Ja mar, sei dy man fan Wettersteat, dat masyntsje telt ek de sloepkes dy't ûnder de brêge trochfarre. Ja, no en? Dy brêge hoecht dêr net foar iepen. En it masyntsje seit net hokker skip dy dampeal stikken fearn hat by de brêge. Dat soe dy iennichste ynformaasje wêze dêr't je wol lokkich fan wurde kinne.
Je wurde as Friezen fansels hielendal lokkich as je it oer iepenbier ferfier ha. Grut nijs, want ek Fryslân mei besykje mei in rappe trein nei de Rânestêd te kommen. Johannes Kramer fertelde it mei triljend lûd. Want ja, earst krige Grins sa'n proef op Sinteklaas en doe hat Johannes roppen: "Ik wol ek meidwaan." No, se seagen him skriemen en no docht hy mei. Soef, mei de trein fan Ljouwert nei Amsterdam.
Eeh Jirnsum, neuh; Akkrum neuh; It Hearrenfean ek net; Wolvegea, Stienwyk, soef soef. Logysk, oars komme je net oan dat heal oere tiidwinst. Johannes Kramer hat it noch noait oer It Hearrenfean hân. Mar hy hie de minsken yn Grou, Akkrum en Wolvegea dochs tasein dat er syn bêst dwaan soe, dat elke trein dêr ek ho hâlde. Hy hat it allegear net neamd. Rappe trein fan Ljouwert nei de Rânestêd. De rest fan Fryslân moat, as se der yn sitte wolle, earst mei it boemeltsje nei Zwolle.
Sa wurdt der wol folle mear ellinde oer it Fryske folk útstoart. Mar dat bliuwt gewoan lokkich. En as der wat lju mei in giel oerstrûperke rinne, dan tinkt dat folk dat de Alvestêdetocht los gien is. Dan kinne je echt lokkich wêze."