Waadhoeke lit ynwenners meitinke oer rol gemeente yn sport en beweging

11 des 2018 - 22:56

Dúdlikens oer jild en regels. Mar ek fernijing, buertsportcoaches en gearwurking tusken ferieningen soenen ûnderdiel wurde moatte fan it nije sport- en beweech-belied fan de gemeente Waadhoeke. Samar in greep út wat tiisdei sein waard op de earste meitinkjûn yn Minnertsgea.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Op de jûn kamen kamen minsken fan de gemeente, sportferieningen, akkommodaasjes, ûnderwiis, sportbûnen en oaren byinoar om nei te tinken oer de rol fan de gemeente op it mêd fan sport en beweging. It inisjatyf foar de meitinkjûn kaam fan wethâlder Caroline de Pee.

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei wethâlder Caroline de Pree

De Pee: "Wy wolle witte wat der spilet yn de gemeente Waadhoeke. Der binne in soad ferienings hjir, minsken fan ferskate sportakkommodaasjes, fan swimbaden en sporthallen. Wy wolle witte as gemeente wat der libbet."

Dielnimmers fan de meipraatjûn yn Minnerstgea oer wat se fan dizze jûn fine

Trefwurden: 
sporten Minnertsgea bewegen
(advertinsje)