Fryslân wol proefprovinsje wurde foar auto's mei snelheidsbegrinzer

Fryslân wol graach proefprovinsje wurde foar auto's mei in snelheidsbegrinzer. Deputearre Sietske Poepjes hat dat yn in brief oer ferkearsfeiligens skreaun oan it ryk. Fryslân soe poergeskikt foar sa'n proef wêze, omdat yn de provinsje sawol tichtbefolke as plattelânsgebieten binne.
Fryslân wol proefprovinsje wurde foar auto's mei snelheidsbegrinzer
Yn de proef wurde auto's foarsjoen fan it saneamde ISA-systeem, it Intelligente Snelheidsaanpassing-systeem. Auto's ride dan nea te hurd. Ut ûndersyk hat bliken dien dat dit systeem 29 prosint minder ûngelokken feroarsaakje sil. Dat helpt Fryslân yn de doelstelling om úteinlik te kommen ta nul ferkearsslachtoffers yn 't jier.
Deputearre Sietske Poepjes