Provinsje stjoert brief nei regio's yn Frankryk: "Sjit gjin skriezen ôf"

De provinsje hat in brief stjoerd oan de regio's yn Frankryk dy't takom jier jacht meitsje wolle op skriezen. Deputearre Johannes Kramer docht in oprop oan de Frânsen op te hâlden mei it ôfsjitten fan greidefûgels.
Reade skries © Jan van der Kam
Earder is it Bûn fan Fryske Fûgelwachten ek al mei in petysje begûn om op Europeesk nivo te kommen ta in jachtferbod op alle greidefûgels. It bûn en ek de provinsje stelle dat it net goed te praten is dat de greidefûgels yn Frankryk - en bygelyks ek yn Italië en Malta - delsketten wurde, wylst frijwilligers yn Fryslân der alles oan dogge de populaasje yn stân te hâlden.
De provinsje besteget alle jierren rûchwei 15 miljoen euro oan projekten dêr't steltrinners fan profitearje. Ut ûndersyk fan professor Theunis Piersma docht ek bliken dat de Fryske briedfûgels oer Frankryk nei it suden ta lûke en dat de skries gebrûk makket fan de Frânske grûn as tuskenstop ûnderweis nei Afrika. De petysje fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten is oant no ta al mear as 6200 kear ûndertekene.