Sven Kramer rydt de 5000 meter op It Hearrenfean

11 des 2018 - 21:56

Sven Kramer sit by de seleksje fan kommend wykein by de wrâldbekerwedstriid op It Hearrenfean. De 32-jierrige Fries stiet op de list foar de 5000 meter, de ôfstân wêrop't er olympysk kampioen is. Snein sei Kramer noch dat er twivele oft er meidwaan soe, omdat er noch te bot lêst fan 'e rêch hie.

Foto: www.orange-pictures.nl

In moanne lyn kaam Kramer earder werom út Japan nei in min earste wrâldbekerwykein. Sûnt dy tiid wurket er oan syn rentree, al hat er noch net in soad op it iis stien. De rider fan Team Jumbo hie foarich seizoen ek al lêst fan 'e rêch. No rjochtet er him benammen op it NK ôfstannen dat ein desimber ferriden wurdt.

De 5000 meter is takom snein. Njonken Kramer komme ek de Friezen Jorrit Bergsma, Douwe de Vries, Antoinette de Jong, Ireen Wüst, Letitia de Jong, Janine Smit en Reina Anema yn aksje op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
reedriden Sven Kramer
(Advertinsje)
(Advertinsje)