Danny Noppert hâldt dochs Fryske flagge op wedstriidshirt

11 des 2018 - 21:45

Danny Noppert hâldt dochs gewoan de Fryske flagge op syn wedstriidshirt. De darter fan De Jouwer hat dat beslút naam yn de oanrin nei syn debút op it wrâldkampioenskip darten.

Foto: www.orange-pictures.nl

Noppert komt freed foar it earst yn aksje op it WK, méi Fryske flagge op 'e mouwe dus. Hy woe de pompeblêdeflagge earst net op de mouwe, mar op it lêste momint betocht er him. Noppert hie ien foardiel: de wedstriidshirts foar it WK moasten noch bedrukt wurde.

"Dus ik haw gau tsjin myn manager sein dat er de Fryske flagge der dochs noch by drukke moast", fertelt de Jouster. "Ik haw der efkes oer neitocht en bin der grutsk op. Dus hâld ik it gewoan op myn shirt!"

Danny Noppert treft yn de earste ronde fan it wrâldkampioenskip darten Royden Lam út Hong Kong. Noppert is de earste Fries ea dy't meidocht oan it grutte WK fan dartbûn PDC. Freedtejûn smyt de Jouster foar it earst. Omrop Fryslân is derby yn Londen. It is de 'Wedstriid fan de wike' by de Omrop. Freed is yn Fryslân Hjoed in reportaazje te sjen oer de tarieding fan Noppert op syn debút op it WK.

Trefwurden: 
Danny Noppert WK Darten
(advertinsje)
(advertinsje)