Froulju SC Hearrenfean ferlieze yn slotfaze fan Ajax

11 des 2018 - 21:39

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat tiisdeitejûn mei 3-0 ferlern fan Ajax. De Friezinnen hiene lang útsicht op in punt, mar yn de lêste tweintich minuten skoarde Ajax trije kear.

Argyffoto út de thúswedstriid fan Hearrenfean tsjin Ajax - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de earste helte gie it aardich gelyk op en krige Hearrenfean ek in pear bêste kânsen. Mei troch in knappe rêding fan Ajax-keepster Lize Kop bleau it 0-0. De skoft duorre langer as pland, want de ljochten foelen út.

Doe't de twadde helte einliks begûn wie, wiene de Amsterdammers sterker. Dochs hold Hearrenfean it lang fol, mar yn de santichste minút makke Lucie Akkerman de 1-0. Se tikke de bal by de twadde peal binnen, nei't in frije traap fan Marthe Munsterman ferlinge waard. Eshly Bakker makke koart dêrnei mei in folly de 2-0 en troch in raak ôfstânsskot fan Munsterman waard it 3-0.

Troch it ferlies sakket Hearrenfean nei it sânde plak. Takom freed spilet Hearrenfean thús tsjin de nûmer twa, FC Twente.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal Ajax
(Advertinsje)
(Advertinsje)