Auto folslein fernield by frontale botsing mei shovel

11 des 2018 - 21:38

By de Rykswei (N355) net fier fan Koatstertille is tiisdei oan 'e ein fan 'e middei in auto frontaal op in shovel botst. Dar barde net op de dyk sels, mar op de suteldyk.

De auto rekke total-loss troch de klap. De bestjoerder fan de auto is mei de sike-auto nei it MCL yn Ljouwert brocht. De oarsaak fan it ûngelok is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
ûngelok Koatstertille
(Advertinsje)
(Advertinsje)