Jong Cambuur ferliest lêste kompetysjewedstriid foar de winterstop

11 des 2018 - 21:26

Jong SC Cambuur hat tiisdei de lêste kompetysjewedstriid foar de winterstop ferlern. De wedstriid yn it Cambuurstadion tsjin de beloften fan De Graafschap einige yn 0-1. Troch it ferlies einiget Jong Cambuur op it njoggende plak, ien plak ûnder Jong SC Hearrenfean.

By it skoft wie it 0-0. Yn de twadde helte makke Thijs van Amerongen de iennige goal fan de wedstriid. Justin Mathieu stie yn de basis by Jong Cambuur. Hy waard ferline wike weromset nei de belofteploech.

Nei de winterstop spylje de Cambuurbeloften, krekt as Jong SC Hearrenfean, yn de saneamde degradaasjepûl. Dat is omdat se by de ûnderste fiif ploegen einige binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)