Noch hieltyd te drûch: Wetterskip ferheget peil

11 des 2018 - 20:54

It wetterpeil yn de Fryske poldersleatten giet omheech. It bestjoer fan it Wetterskip wol sa berikke dat de grûnwetterstân wer in bytsje op peil komt. Dy is troch de drûge simmer no noch hieltyd fierstente leech. It betsjut dat op guon plakken de gemalen útset wurde.

Noch hieltyd te drûch: Wetterskip ferheget peil

Drûchte noch lang net foarby

It probleem mei de drûchte is noch lang net foarby. Benammen yn de sân- en klaaigebieten yn Fryslân stiet it grûnwetter noch fierstente leech. Op guon plakken moat oardel meter djip groeven wurde om by it wetter te kommen. Gewoanwei yn dizze tiid stiet it folle tichter ûnder it grûnoerflak.

It deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân moat dan ek in opfallend beslút nimme, seit Jan van Weperen: "Ja, we vragen een tijdelijke ontheffing aan van het peilbesluit. De waterstand moet omhoog. Er is een sterk tekort aan water."

Twa ferskillende peilen

It wetterskip wurket mei twa ferskillende peilen: in simmer- en in winterpeil. Yn de simmer stiet it wetter heger om sa genôch wetter te hawwen foar de gewaaksen. Yn de winter giet it gewoanwei omleech om oerstallich wetter opfange te kinnen.

Op it stuit liket it dat de sleatten fol wetter stean. Mar dat is gesichtsbedroch, seit Van Weperen: "Dat is het ook. De grond is gewoon zo droog dat het heel slecht water doorlaat. De regen van nu helpt, maar het moet langzaam wegsijpelen naar het grondwater."

Grûnwetter nei 40 sintimeter

Der wurdt no tawurke nei in grûnwetterpeil dat 40 sintimeter ûnder it meanfjild stiet. Dat moat om klear te wêzen foar it kommende groeiseizoen dat oer goed trije moannen alwer begjint.

"Er zijn plekken in de provincie waar we geen problemen hebben. Dat is het gebied rondom de Friese meren en de kanalen. Maar kijk je naar de kleigrond en de zandgrondgebieden dan zijn de problemen veel groter. Daar gaan we de gemalen uitzetten", seit Van Weperen.

Wetterskip Fryslân hâldt goed yn de gaten wat de effekten binne. As it wetter te heech komt, wurdt it fuortmeald. Der wurd ek rekkening hâlden mei de kâns op iis. Van Weperen: "Áls het gaat vriezen en er is kans op een mooie ijsvloer, gaan wij daar zeker rekening mee houden met het malen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)