Plysje pakt trije ynbrekkers nei sykaksje mei helikopter
De plysje hat trije minsken oanholden, dy't mei bivakmûtsen op ynbrutsen hiene oan de Gordyksterwei yn Jobbegea. By de sykaksje brûkte de plysje in helikopter.
De ynbrekkers hiene al wat guod yn tassen dien, doe't se trappearre waarden troch de eigener fan it bedriuw. Se rûnen it gebou út. Yntusken hie de eigener de plysje al belle.
Nei de sykaksje, mei meardere plysje-ienheden en in helikopter, waarden twa manlju en ien frou oanhâlden yn Beetstersweach.