De Rouwe sjocht yn kandidatuer Rotterdam foar Tour de France gjin konkurrinsje

11 des 2018 - 19:58

Deputearre Sander de Rouwe tinkt net dat de kandidatuer fan Rotterdam om de Tour de France nei de stêd te heljen net ta skea giet fan de Fryske ambysjes. De Rouwe is derfan oertsjûge dat de organisaasjes fan de Tour de France, Giro d'Italia en de Vuelta yn Spanje ûnder de yndruk binne fan de Fryske plannen.

Foto: ANP

Rotterdam wol La Grande Boucle yn 2023, 2024 of 2025 nei de stêd ta helje. Yn 2010 begûn de Tour de France ek al yn de havenstêd. Doe wie Utrecht it konkurrearjende plak. Dy stêd krige yn 2015 úteinlik dochs noch de earste etappe fan de Tour de France.

De Rouwe wol mooglik kontakt mei de bestjoerders fan Rotterdam opnimme om de plannen opinoar ôf te stimmen.

Deputearre Sander de Rouwe

(Advertinsje)
(Advertinsje)