Justysje: pyschiatryske opname foar man dy't buorman oanried

11 des 2018 - 19:46

In ynwenner fan Jirnsum moat opnaam wurde yn in psychiatryske klinyk, omdat er fan 't simmer mei in stellen auto auto syn buorman fan de fyts riden hat. Dat fynt justysje.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man hat lêst fan waanbylden. Dêrtroch en trochdat er ûnder ynfloed fan speed wie, kin de oanriding him net oanrekkene wurde, seit justysje. Neidat er de buorman oanriden hie, ried er tsjin in beam en bruts er in skonk.

Hy sit op dit stuit yn it Penitentiair Psychiatrisch Centrum yn Den Haach. Hy hat in ferstanlike beheining en hat net folle aan fan wat goed en ferkeard is. De rjochtbank docht oer tsien dagen útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)