"Duorsumens bêst, mar dan graach wol mei help fan oerheid en banken"

11 des 2018 - 19:36

Boeren wolle wol wurkje oan duorsumens. Mar dat moat net ta skea gean fan it rendemint fan it bedriuw, sizze de measten. Boeren fine dat de oerheid en de banken harren faak net genôch helpe om klimaatmaatregels op it boerebedriuw te nimmen. Dat die tiisdei bliken op de jierlikse lededei fan lânbou-organisaasje LTO-Noard. De lededei hie as tema klimaat as kâns.

NLTO oer duorsumens en sirkulêre lânbou

Op de gearkomste spruts ek âld-steatssekretaris Pieter van Geel, foarsitter fan de klimaattafel foar de lânbou dy't him dwaande hâldt mei ôfspraken foar it klimaatakkoart dat der op 21 desimber lizze moatte.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Neffens Van Geel lizze der noch hiel wat útdagingen en is it koart dei. Mar hy leaut noch altyd dat in akkoart mooglik is. Op de fraach fan boeren út de seal dat oare sektoaren der faak maklik foarwei komme en dat der altyd nei de boeren sjoen wurdt sei Van Geel dat de sektor net nei oaren sjen moat.

Earst de eigen broek ophâlde en dan oaren op harren ferantwurdlikens wize is folle better, seit Van Geel. Wol is er it der folslein mei iens dat der sa gau mooglik ôfspraken komme moatte foar de loftfeart en de skipfeart. Dy sektoaren bliuwe oant no ta bûten skot by de oanpak fan it klimaat.

Pieter van Geel

(Advertinsje)
(Advertinsje)