Wol of gjin fjoerwurkferbod yn Fryske gemeenten

11 des 2018 - 18:24

Fjoerwurk soarget alle jierren foar oerlêst, letsel en skea. Hûnderten minsken reitsje ferwûne troch it ôfstekken fan fjoerwurk yn Nederlân. As it oan De Onderzoeksraad voor Veiligheid (OVV) leit, moat der in fjoerwurkferbod komme. Hoe sjogge Friezen hjirnei? En wat dogge de Fryske gemeenten?

Repos fjoerwurkferbod of net?

Feiligens

Jierliks stjert ien persoan as gefolch fan fjoerwurk, meldt de OVV yn in rapport fan desimber 2017. De organisaasje trunet it kabinet derop oan om fjoerwurk te ferbieden, mar it kabinet wol fjoerwurk pas ferbiede as bliken docht dat oere maatregels net wurkje. Wol seit minister Ferdinand Grapperhaus dat it makliker wurdt foar gemeentes om in lokaal ferbod ta te passen. Mar neffens de OVV is dat net genôch.

Petear oer fjoerwurkfrije sônen

Fjoerwurkfrije sônes

Ut ûndersyk fan Omrop Fryslân docht bliken dat fiif fan de santjin Fryske gemeenten in fjoerwurkfrije sône hawwe of hawwe wolle yn de gemeente. It giet om in monumintale mûne op Skylge, in bernebuorkerij op Skiermûntseach, fersoargingstehuzen yn Ljouwert en it multyfuksjoneel sintrum yn Harns.

"Het is sinds enkele jaren dat het in een cirkel rondom MFC Het Vierkant en in de flat met veelal oudere inwoners daar tegenover verboden is vuurwerk af te steken. Dit zorgt in elk geval voor rust bij een flat met veelal oudere bewoners", seit in wurdfierder fan de gemeente Harns.

Ek yn Ljouwert wurdt foaral tocht oan de alderein. "In Leeuwarden geldt bij verzorgingshuizen Erasmushiem, De Hofwijck, en Greunshiem een vuurwerkvrije zone", seit in wurdfierder fan de gemeente Ljouwert. Dizze gemeente hat dit jier itselde fjoerwurkbelied as de foargeande jierren.

"Er is ook overwogen vuurwerkvrije zones in te stellen op plekken waar veel overlastmeldingen zijn, maar dat blijkt niet nodig."

Fjoerwurkfrije sônes yn Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Drachten

Allinnich yn Drachten leit it hiel oars. Dêr binne dit jier njoggen fjoerwurkfrije gebieten. It giet om sônes dêr't in protte fuotgongers binne, bygelyks winkelsintra, mar ek it AZC en it busstasjon.

Snits

Yn Súdwest-Fryslân hawwe se offisjeel gjin fjoerwurkfrije sônes. Der is wol in oanfraach dien troch in hospice yn Snits. De gemeente lost dat op troch yn de wyk Lemmerweg-West briefkes yn de bus te dwaan dêr't op frege wurdt rekkening te hâlden mei de hospice.

Oerlêst

De gemeenten sûnder fjoerwurkfrije sônes jouwe oan dat der yn harren gemeente net sprake is fan (ekstreme) oerlêst troch it ôfstekken fan fjoerwurk.

"Elk jaar komen er wel een aantal klachten binnen over het afsteken van vuurwerk. Dat is in de meeste gevallen voor de jaarwisseling. Op de dag zelf niet", seit in wurdfierder fan de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel.

Yn Weststellingwerf is sels alle jierren minder oerlêst: "Elk jaar wordt de balans opgemaakt van de schade die door vuurwerk is veroorzaakt. Het schadebedrag valt de laatste jaren mee en neemt ook af. Indien nodig trekken we samen op om tot een oplossing te komen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)