CU wol witte wêrom't minsken net opdaagjen komme by belbus

11 des 2018 - 17:04

De Steatefraksje fan ChristenUnie stelt fragen oer passazjiers dy't net opdaagjen komme nei't se in belbus besteld hawwe. Dat dogge se nei oanlieding fan berjochtjouwing yn it Friesch Dagblad. De bussen stean yn Noardeast-Fryslân faak foar neat te wachtsjen by in halte. Passazjiers hawwe de bus wol besteld, mar se komme net opdaagjen. Yn dy gefallen rydt de bus om 'e nocht.

Bus fan Connexxion - Foto: Shutterstock.com

Yn de earste helte fan 2018 binne de kosten fan 'busritten om 'e nocht' oprûn ta 6.000 euro. In protte jild, neffens de ChristenUnie. De saneamde Opstapper is, sa seit de partij, dochs al in djoere iepenbier-ferfiers-foarsjenning fan de provinsje. In mooglike reden is dat de bussen net goed werkend wurde.

De ferfierssintrale nimt fertragingen fan de boat fan It Amelân as ien fan de oarsaken. Dat fernuveret de ChristenUnie. Steatelid Ynze de Boer: "Ast belle wurdst om minsken fan de boat te heljen, dan rydst dochs net fuort foardat de boat der is?" Hy wol witte wat de oarsaak fan de problemen is en wat deroan dien wurde kin.

Trefwurden: 
ChristenUnie belbus Opstapper
(Advertinsje)
(Advertinsje)