Oerienstimming alle partijen oer bou nij Cambuurstadion

11 des 2018 - 16:52

Der is wer in belangrike stap set foar de bou fan it nije Cambuurstadion. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert hawwe oerienstimming berikt mei alle belutsen partijen, waard tiisdei bekend. De bou kin nei de simmer los en Cambuur spilet yn it jier 2021 yn it nije stadion.

De partijen dy't oerienstimming berikt hawwe, binne de oannimmer de Stadion Ontwikkel Combinatie (SOC), it WTC Expo, de gemeente Ljouwert en regionaal opliedingssintrum Friese Poort. De gemeente sil no oan de slach mei de fierdere útwurking fan it bestimmingsplan.

Alle kontrakten moatte noch wol ûndertekene wurde, mar dat is neffens wethâlder Henk Deinum in formaliteit. Friese Poort hat ek tasein dat se harren no net wer weromlûke sille. Teoretysk kin der noch wol fertraging komme troch bygelyks oanpassingen yn it bestimmingsplan. Mar yn prinsipe kin derfan útgien wurde dat it nije stadion yn 2021 klear is.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer it nijs

Winkels Snekertrekweg ferhúzje nei nij stadiongebiet

"De winkels fan it winkelsintrum oan de Snekertrekweg wurde oerpleatst nei it WTC-gebiet", seit wethâlder Deinum. "De bestimming winkelsintrum is fan de Snekertrekweg ôf helle. Dat wie belangryk om dy ferpleatse te kinnen nei it WTC-gebiet. Dat is slagge. Dêr is oerienstimming oer tusken de partijen."

Deinum: "Wy hawwe sawat seis jier dwaande west mei de gebietsûntwikkkeling. Ik tink dat dit in belangrike stap is, want der is no echt útsicht op realisaasje. Wy hawwe der ôfgryslik hurd oan lûke moatten. Cambuur sels ek. Ik bin der sels net mear by as wethâlder as de earste peal slein wurdt. Om oan it begjin fan it seizoen 2021 klear wêze te kinnen, moatte wy maitiid 2020 begjinne mei de bou en dat liket allegearre te slagjen. Hielendal seker witte jo it noait, mar ik gean derfan út dat it goed komt."

Wethâlder Henk Deinum

Trefwurden: 
Cambuur stadion WTC Expo
(advertinsje)
(advertinsje)