Provinsjaal jild foar biografy oer Tony Feitsma

11 des 2018 - 16:15

It Feitsma Fûns krijt 50.000 euro fan de provinsje foar de biografy oer Tony Feitsma, dat skreaun wurdt troch Liuwe Westra. De wittenskiplike biografy giet oer it libben en it wurk fan Feitsma, yn relaasje ta de Fryske taal fan hjoed-de-dei en de Fryske identiteit sa't dy no is. Mei de provinsjale bydrage is de finansiering foar in grut diel klear.

Tony Feitsma - Foto: Fûûns fwar it Frysk

Liuwe Westra út Lollum sil de biografy oer Tony Feitsma skriuwe

Yn totaal is der 171.000 euro nedich om de biografy skriuwe te kinnen. Ut fûnsen krijt it Feitsma Fûns sa'n 100.000 euro. Nochris 10.000 euro komt út mienskipsstipe (crowdfunding).

Feitsma (1928-2009) kaam op foar de posysje fan de Fryske taal en skreau meardere wittenskiplike publikaasjes. It Feitsma Fûns wol de biografy foar ein 2020 klear hawwe.

Neffens deputearre Sietske Poepjes is it goed dat der jild komt foar de biografy. Feitsma heart neffens har yn it rychje mei Friezen dy't wichtich wiene foar de taal, lykas Fedde Schurer en Obe Postma. Tresoar hat koartlyn it persoanlike argyf fan Feitsma krigen.

(advertinsje)