Doarpen Kollumerlân krije bankje kado

Alle doarpen yn gemeente Kollumerlân c.a. krije in bankje fan de gemeente. It is in kadoke by wize fan ôfskied omdat de gemeente ophâldt te bestean.
It gemeentehûs fan Kollumerlân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De bankjes binne makke troch learlingen fan de bou-oplieding fan it Lauwers College yn Kollum. Se ha se sels ûntwurpen en makke. De bankjes ha twa sitplakken en in tafel dy't ynrjochte is as skaakboerd. De skaakstikken binne makke mei in 3D-printer.
It earste eksimplaar wurdt kommende sneon yn Muntsjesyl ûntbleate.