Pointguard Williams ferlit Aris en giet werom nei Amearika

11 des 2018 - 14:28

Aris nimt ôfskied fan Johnny Williams. Fanwegen in oanhâldende knibbelblessuere hat de 22-jierrige basketballer de Ljouwerter klup om ûntbining fan syn kontrakt frege. De pointguard giet werom nei syn heitelân, Amearika.

John Williams yn aksje foar Aris - Foto: www.orange-pictures.nl

Troch de blessuere stie Williams in skoft oan de kant. Yn de lêste twa wedstriden fan Aris die de spulferdieler wol mei, mar de blessuere is stiiffêst. Aris giet op syk nei in ferfanger.

(Advertinsje)
(Advertinsje)