Bewenners uterje krityk op plannen foar sinnepark by Easterwâlde

11 des 2018 - 13:59

GroenLeven hat plannen om in grut fjild mei sinnepanielen fan 51 hektare lâns de N381 by Easterwâlde oan te lizzen. Dêrfoar hat it bedriuw in omjouwingsfergunning nedich. De gemeenteried fan Eaststellingwerf sil frege wurde om ek in ferklearring fan gjin betingsten of te jaan. Dan nimt de gemeente ek de beswieren fan omwenners mei.

Foto: Lourens Looijenga

Acht ynwenners fan buorskip Feanekoaten hawwe de beswieren al op tafel lizzen. De bewenners fiele harren oerfallen mei de plannen en fine ek dat der min oer kommunisearre is oer de plannen fan it sinnepark. Sy fine it benammen beswierlik dat harren útsjoch ferdwynt troch it twa kilometer brede fjild. Op oankringen fan de provinsje komme de panielen no leger te lizzen: op 1,80 meter heech yn plak fan 2,30 meter heech. Bewenners litte ek witte dat se it dal gjin geskikte lokaasje fine.

Der binne ek bewenners dy't gjin beswier oantekenje sille. Ien fan harren is Gerrit Bos. "Ik snap ook dat er iets moet gebeuren, we willen van het gas af en we kunnen Groningen ook niet verder laten wegzakken."

Krityske fragen fan CDA en VVD

It CDA en de VVD stelden earder al krityske fragen oan Deputearre Steaten om it sinnepark. Sylvia Hosman fan de VVD wiist de deputearren op de struktuerfyzje wêryn't it behâld fan it Fryske lânskip in provinsjaal útgongspunt is. "Daarnaast geldt dat Friezen zich, volgens het Fries Sociaal Planbureau, verhoudingsgewijs gelukkiger voelen dan mensen in andere provincies. Dit komt voor een belangrijk deel door het mooie landschap. Dat landschap moeten we wel bewaken, ook voor de generaties na ons."

De provinsje joech earder oan dat sy it draachflak ûnder de boargers wichtich fine, mar dat liket no net it gefal. Sa wie de ynformaasjegearkomste op 10 desimber, wylst de bou neffens de partijen doe al begûn wêze soe. Ek fine it CDA en de VVD dat de omwenners te min belutsen wurde by de plannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)