Netto-omsetten fan bedriuwen yn Noard-Nederlân geane omheech

11 des 2018 - 13:36

Neffens de lêste sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) geane de omsetten fan bedriuwen yn hiel Noard-Nederlân omheech. Yn Fryslân binne de omsetten yn de ferskillende bedriuwstakken tusken 2016 en 2017 ek tanaam.

Sinnepanielen - Foto: ANP

Allinne yn de bedriuwstak enerzjyfoarsjenning binne de omsetten yn Noard-Nederlân yn it gehiel ôfnaam. Oan Fryslân leit dat net. Yn ús provinsje is de netto-omset yn de enerzjyfoarsjenning tusken 2016 en 2017 mei 50 prosint tanaam. Yn hiel Noard-Nederlân is de totale netto-omset yn dizze brânzje mei 12 prosint ôfnaam.

Dit binne opfallende sifers omdat krekt Noard-Nederlân him op de kaart sette wol mei de transysje nei griene enerzjy en benammen yn de provinsje Grinslân grutte produsinten fan sawol ierdgas as stroom sitte.

Trefwurden: 
CBS ekonomy enerzjy
(advertinsje)
(advertinsje)