Eigener sjocht stellen fyts op Marktplaats en makket proefrit

11 des 2018 - 10:52

In fytsedief út Ljouwert (31) is moandei oanholden neidat de eigener fan de stellen fyts de twatsjiller weromseach op Marktplaats. De eigener makke in ôfspraak mei de dief om in proefrit te meitsjen. Under it fytsen wie er der wis fan dat it om syn eigen fyts gie.

Marktplaats - Foto: ANP

De eigener belle dêrom de plysje. Dy pakte de heler op. De fytsedief sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Marktplaats fyts
(Advertinsje)
(Advertinsje)