Ek Friezen claime minder faak skea nei ferkearsûngelokken

11 des 2018 - 09:00

Friezen hawwe yn 2017 minder faak skea claimd nei in ûngelok as it jier derfoar. Dat docht bliken út de Risicomonitor Verkeer fan it Verbond van Verzekeraars. It giet om in delgong fan 11,6 prosint. Lanlik sjoen gie it tal claims mei 18 prosint nei ûnderen.

Ungelok mei in caravan - Foto: ANP

Ut it ûndersyk blykt dat 55 op 1000 Fryske húshâldens yn 2017 in claim yntsjinne hawwe. It rêstige waar yn dat jier soe neffens it ferbûn ien fan de oarsaken wêze fan de delgong. "We weten uit ervaring dat noodweer, zoals extreme neerslag en hagel, leidt tot meer aanrijdingen", seit algemien direkteur Richard Weurding fan it Verbond van Verzekeraars. It ferbûn tinkt ek dat de tanimmende slimme technology yn auto's in rol spile hat, wêrtroch't der minder parkearskea wie.

Net allinne yn ús provinsje gie it tal claims nei ûnderen. Dat jildt ek foar alle oare provinsjes. De grutste delgong wie te sjen yn Flevolân (14,6 prosint) en Noard-Brabân (14,5 prosint). Yn Seelân waard de measte skea claimd: hast 80 gefallen op 1000 húshâldens.

Hegere claims

Ut de sifers fan it ferbûn docht bliken dat de claims dy't yntsjinne binne wol hieltyd heger wurde. Yn de perioade tusken 2014 en 2017 wie der in taname fan 25 prosint. "We weten dat letselschade een stuwende kracht is achter deze stijging. Dus vallen er nog steeds te veel verkeersslachtoffers. Daarom blijven wij ons onverminderd inzetten om een bijdrage te leveren aan een veilige openbare weg", seit Weurding.

It ferbûn hat koartlyn mei oaren in ferbetterplan foar de ferkearsfeiligens oanbean oan ferantwurdlik minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)