'Medisinedrone fljocht op wei nei Skiermûntseach Waadsee yn'

11 des 2018 - 08:20

In drone dy't brûkt wurdt by de proef medisinen nei Skiermûntseach te bringen, is yn de Waadsee stoart. Dat docht neffens it Dagblad van het Noorden bliken út gegevens fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. It ynsidint barde op woansdei 31 oktober.

In drone - Foto: ANP

De drone hie op dy datum krekt de lâning ynset nei it helyplatfoarm op it eilân, doe't it fan tachtich meter hichte nei ûnderen foel en yn it wetter stoarte. De drone bleau driuwen en koe rap troch in bergingsskip oppikt wurde. It gie nei alle gedachten om in minsklike fout, wêrby't it ûntwerp fan de betsjinningsapparatuer in rol spile.

Under de testflechten hat de drone gjin lading oan board. De proef mei de medisinedrones is in inisjatyf fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, de UMCG Ambulancezorg en de ANWB.

Trefwurden: 
drone medisineferfier
(advertinsje)
(advertinsje)