Kollum: "In ko yn de kont sjen"

11 des 2018 - 07:43

"Op it heden ha ik de bealch fol blauwe plakken. Net fanwegen in te entûsjast drankgebrûk of troch in bril mei de ferkearde sterkte. Nee, ik ha dy blauwe plakken om't ik fan de iene fernuvering yn de oare fal. Alle dagen wer. Ien fan myn lêste falpartijen waard feroarsake troch bisterjochte-organisaasje PETA. Jim witte wol, dy fan de gjalp 'molkedrinke is rasistysk'.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Dy PETA hat wat nijs betocht. Nammentlik it ferbieden fan 'dieronvriendelijke uitdrukkingen' sa't dy yn sprekwurden en siswizen foarbykomme. PETA stelt dat hoe't wy oer bisten prate, bepaalt hoe't wy oer bisten tinke. Earst tocht ik dat se foar harren eindejierskonferense oan it oefenjen wiene. PETA wie lykwols deaserieus. Se smieten mei oare wurden in kneppel yn in hinnehok, it wie gjin miereneukerij. De fraach is: makket PETA fan in mich in oaljefant? Gûle se bargetriennen?

Psycholooch Wijnberg seit dat taal in foarm fan ekspresje is. Datst sels bepaalst watst seist. En dat it liket as kinne wy neat mear ha. 'Dochs ha wy in beskaat ynkassearringsfermogen nedich om überhaupt mei-inoar kommunisearje te kinnen', sa stelt er. Dat tinkt my ek. De aksje fan PETA is de safolste utering fan minsken dy't harren kwetst fiele. By it minste binne wy mei ús allen beledige, fine wy dat ús eigen miening troch de maatskippij fasilitearre wurde moat. Bart soks net, dan fiele wy ús kwetst. It is de nije steat fan wêzen. Net Zen, mar Kwetst.

Ast yn Nederlân tsjintwurdich dyn sin ha wolst moatst dy kwetst toane. Wat dat oangiet begryp ik net dat Emile Ratelband yn heger berop giet tsjin de útspraak fan de rjochter oer syn leeftyd. Hy moat him kwetst toane troch dy útspraak, dan hat er in folle gruttere kâns om syn gelyk te heljen. Ratelband moat sizze dat der gjin rekken mei him hâlden wurdt, dat him dat sear docht, dat de maatskippij syn miening net mooglik makket. Want fan kwetst wêzen is it mar in lytse stap nei diskriminaasje, nei ûngelikensens en ûnderdrukking. Underwerpen dêr't net ien him oan baarne wol.

Minsken dy't harren kwetst fiele wolle dat de maatskippij harren miening fasilitearret. Wylst ek sy dochs witte moatte dat soks by definysje ûnmooglik is. Yn in maatskippij dêr't santjin miljoen minsken op in bult sitte is it wichtich om in bytsje yl op de siel te kweken. Om te beseffen dat de wrâld net om dy draait. Dat it wis wol mooglik is om mei oaren te libjen dy't oars oer saken tinke, mar dat soks net fuortendaliks in probleem hoecht te wêzen. Of in misdied tsjin de minskheid of de bistichheid betsjut. In grap oer in bepaalde groep minsken (kleur, geaardheid, leauwe) betsjut net mei-ienens diskriminaasje. In útdrukking lykas 'dy't in hûn slaan wol fynt altyd wol in stôk' betsjut net dat wy hûnen net lije meie. Likemin as dat wy 'achterôf in ko yn de kont sjogge' betsjut dat wy amoereuze betrekkingen mei in ko oanknoopje wolle.

It is de heechste tiid dat de beropskwetsten en PETA-minsken harren dat realisearje. En dat soks net as in tange op in baarch slacht."

(Advertinsje)
(Advertinsje)