Oplossing iishockeyhal: "Eerder dagen en weken dan maanden"

11 des 2018 - 07:27

Boargemaster Tjeerd van der Zwan is "voorzichtig positief" oer in oplossing foar it konstruksjeprobleem fan de iishockeyhal yn Thialf op It Hearrenfean. Dat liet Van der Zwan moandeitejûn witte nei in fisuele ynspeksje troch in eksterne konstrukteur dy't de gemeente ynhierd hat. "Als het gaat om een oplossing denkt hij eerder in dagen en weken dan in maanden."

De iishockeyhal yn Thialf - Foto: www.orange-pictures.nl

Boargemaster Tjeerd van der Zwan oer de iishockeyhal

Tongersdei waard de iishockeyhal sletten troch Van der Zwan omdat de hal net feilich wêze soe. In eksterne konstrukteur docht ûndersyk nei de feiligens fan de konstruksje en oft de hal wer brûkt wurde kin.

Moandei fierde de konstrukteur in ynspeksje út. "Hij kwam tot de conclusie dat de veiligheid in de hal niet gegarandeerd kan worden", seit Van der Zwan, "en onderschrijft de conclusies van de gemeentelijke constructeur."

Stabiliteit is ûnfoarsisber

De hal gie ticht omdat de feilichheid fan de konstruksje net garandearre wurde koe. "De stabiliteit is onvoorspelbaar", leit Van der Zwan út. "Onze constructeur kon niet garanderen dat wanneer er grote externe druk op wordt uitgeoefend, het kon worden opgevangen. Ik kon maar één ding doen en dat was de hal sluiten."

Nei in ynspeksje sil de eksterne konstrukteur nei oplossingen sjen. "Met enige snelheid, maar zonder de veiligheid uit het oog te verliezen. Hij heeft ideeën en gaat die dinsdag verder uitwerken. Wellicht dat hij woensdag een advies kan uitbrengen. Als het gaat om een oplossing denkt hij eerder in dagen en weken dan in maanden. Dat vind ik een voorzichtig positief signaal", beslút Van der Zwan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)