Musicaloplieding MUZT út Snits net yn de prizen by musicalawards

10 des 2018 - 23:07

MUZT Musicaloplieding út Snits is net yn de prizen fallen by de Amateur Musical Awards 2018. Mei de musical Spamelot wie it selskip twa kear nominearre: yn de kategory 'Beste Musical' en Beste Ensemble'.

Foto: RTV Rijnmond

In ôffurdiging fan de musicaloplieding wie moandeitejûn by de útrikking yn it Luxorteater yn Rotterdam oanwêzich en mocht ek optrede. In grut tal bekende nammen út de musicalwrâld sieten yn de seal.

Joop van den Ende rikte de priis foar bêste musical út. Dy gie nei De Producers fan in selskip út Bergen op Zoom.

Artistyk lieder Irene Martin fan Muzt is tige grutsk op har groep. Foar takom jier stiet de musical Shrek op it programma. De premjêre is april takom jier.

Trefwurden: 
MUZT musical
(advertinsje)