Facebook wegeret foto fan byld Jan Ketelaar

It keunstwurk 'Wachten op hoog water' fan Jan Ketelaar wurdt as ôfbylding op Facebook wegere. Facebook jout by it pleatsen fan in foto fan it byld de melding dat it platfoarm gjin foto's pleatst wêrop't minsken stean yn in suggestive hâlding of wêrop dekolletees te sjen binne.
Omslach boek © Het Nieuwe Kanaal
Utjouwer Het Nieuwe Kanaal soe in foto op Facebook pleatse fan it boek Heech Tymo, sjoch omheech. Op de omslach fan it boek stiet in foto fan it byld fan Jan Ketelaar. By it pleatsen waard de foto wegere.
It byld fan Ketelaar bestiet út twa metalen froulju fan fiif meter heech, dy't oer de see sjogge. It waard ôfrûne tongersdei pleatst op de dyk by Holwert en is it earste keunstwurk fan Sense Of Place.