Cambuur wint by Jong PSV nei lette en goedkeape strafskop

10 des 2018 - 21:51

Sportklup Cambuur hat moandei mei 1-2 wûn op besite by Jong PSV. It is de earste oerwinning yn fiif kompetysjewedstriden. Nei in betide foarsprong foar de Ljouwerters, makke Jong PSV al gau wer gelyk. Nettsjinsteande in pear grutte kânsen én in reade kaart foar Jong PSV, like Cambuur wer tsjin puntferlies oan te rinnen. Yn de slotfaze krigen de Ljouwerters lykwols in goedkeape strafskop. Robin Maulun skeat raak en besoarge Cambuur dêrmei de oerwinning.

Al betiid yn de wedstriid kaam Cambuur, mei debutant Nino van den Beemt, op foarsprong. Nei in aardige oanfal fan de Ljouwerters koe Jong PSV-keeper Mike van de Meulenhof de bal earst fuortbokse, mar dy foel rjocht foar de fuotten fan Kevin Schindler. Mei in hurd ôfstânsskot makke de Dútser syn earste goal foar Cambuur: 0-1.

Tsien minuten letter wie it lykwols alwer gelyk. Ramon Pascal Lundqvist joech de bal mei oan Cody Gakpo, dy't de bal hurd foarby Xavier Mous skeat.

Tsien minuten letter wie it lykwols alwer gelyk. Ramon Pascal Lundqvist joech de bal mei oan Cody Gakpo, dy't de bal hurd foarby Xavier Mous skeat.

Kâns op kâns

Nei dy gelykmakker krige Cambuur ferskate grutte kânsen om wer op foarsprong te kommen. Benammen Nigel Robertha hie de 1-2 op de foet. Nei in oerstapke fan Robin Maulun stie de Cambuur-spits each yn each mei Van de Meulenhof. De keeper kaam as winner út dy striid. In lytse tsien minuten foar tiid stie Robertha wer frij foar Van de Meulenhof, diskear nei in kopbal fan Matthew Steenvoorden. Opnij skoarde Robertha net.

Nino van den Beemt en Bart Ramselaar - Foto: www.orange-pictures.nl

Nei in lyts kertier yn de twadde helte kaam Jong PSV mei in man minder te stean. Bertalan Kun pakte syn twadde giele kaart. Mei in man mear bleau Cambuur hurd op syk nei de 1-2, mar it gie muoisum. Van de Meulenhof bleau in stan-yn-'e-wei.

Yn de slotfaze krige Cambuur út it neat in strafskop. Skiedsrjochter Freek van Herk seach in oertrêding fan Maxime Soulas op ynfaller Karim Rossi. Robin Maulun skeat raak en dêrmei kaam Cambuur wer op foarsprong.

Jong PSV'er Laros Duarte socht dêrnei ek om in strafskop oan de oare kant. Van Herk seach lykwols dat hy in schwalbe makke. Lundqvist mocht yn de lêste minút noch wol oanlizze foar in frije traap, mar dy wie in proai foar Mous. Kallon miste yn de blessueretiid noch in grutte kâns op de 1-3, mar de trije punten foar Cambuur wiene doe binnen.

Earste oerwinning sûnt 2 novimber

De lêste oerwinning fan Cambuur wie al mear as in moanne lyn. Op 2 novimber wûnen de Ljouwerters mei 2-1 fan Jong Ajax. De lêste útoerwinning wie noch folle langer lyn: 1-3 by TOP Oss, op 31 augustus.

Cambuur klimt troch de oerwinning nei it alfde plak. De Ljouwerters ha no 25 punten út 17 wedstriden. It ferskil mei de nûmer seis, Roda JC, is ek mar trije punten. Takom freed spilet Cambuur thús tsjin FC Twente.

Jong PSV - SC Cambuur 1-2 (1-1) 13. Kevin Schindler 0-1, 23. Cody Gakpo 1-1, 84. Robin Maulun 1-2

Opstelling SC Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Steenvoorden, Schilder, Sambissa; Kallon, Schindler (69/Conraad), Van den Beemt, Maulun (87/Schils); Robertha, Van Kippersluis (79/Rossi)

Trefwurden: 
Cambuur fuotbal Jong PSV
(advertinsje)
(advertinsje)