Joop Atsma oer minne peilingen CDA: "As regearingspartij stiest fol yn de wyn"

Surhústerfeanster Joop Atsma stiet op nûmer twa fan de CDA-list by de kommende Earste Keamerferkiezingen. Dat de Earste Keamer hieltyd mear in polityk karakter krijt, benammen wannear't it kabinet gjin mearderheid hat yn de Senaat, is Atsma it net mei iens. "Dêr ha ik de ôfrûne jierren net folle fan sjoen." Dat sei er moandei yn It Polytburo.
Joop Atsma yn It Polytburo
Neffens Atsma, dy't sûnt 2015 yn de Earste Keamer sit, wurdt yn de Earste Keamer benammen sjoen nei hoe't in nije wet ta stân kommen is. Dêrnjonken toetst de Senaat de útfierberheid fan in wet. "Binne se net yn tsjinspraak mei oare wetten? Dêr binne je hiel kritysk op. Mar it bliuwt wol in polityk orgaan, dêr kinne je net om hinne."

Guon wetsfoarstellen keard

Wol joech Atsma ta dat guon wetsfoarstellen, lykas in pear jier lyn oer de reorganisaasje fan de regionale omroppen, feitlik troch de Earste Keamer keard binne. "Dêr hie ik in hiel protte heibel oer mei de steatssekretaris. Ik wie it folslein net iens mei him oer de opset fan de wet. Dan kinst twa dingen dwaan: de wet fersmite, of tsjin de minister sizze dat er in pear saken oanpasse moat. Dat is doe yn feite bard."
"Ik bin op it twadde plak kommen. Dat is hiel earfol, hiel bysûnder. Kenlik ha ik myn bêst dien, de ôfrûne jierren." Wêrom't er by de kommende ferkiezingen sa heech op de list stiet, kin neffens Atsma oan ferskillende saken lizze. "Der wurdt rekken holden mei hoe'tst funksjonearrest yn de fraksje. Yn de Earste Keamer sitte in soad juristen. Ik bin just wat politiker. En by de gruttere fraksjes sjogge de partijen ek nei de ferdieling oer it lân."

CDA leech yn de peilingen

Yn de peilingen giet it net goed mei it CDA. De partij hat 19 sitten yn de Twadde Keamer, mar mar 11 yn de peilingen. Atsma: "Ik sis altyd: dy peilingen sjogge der net goed út, mar it kin ek hiel rap feroarje. Yn 2001 stienen we yn de peiling op 13 sitten. Fjouwer moannen letter, by de ferkiezingen, krigen we 43 sitten."
Dat it no net goed giet yn de peilingen, komt neffens Atsma troch it feit dat it CDA no yn de regearing sit. "Dan steane je fol yn de wyn. Sjoch ek nei D66, VVD en yn de foarige perioade ek PvdA. Boppedat sjochst in enoarme fersplintering: sawol oan de linker- as oan de rjochterkant. Dat is yn Nederlân net oars as yn oare lannen."