Brân yn jisketonne yn wensoarchsintrum Oerterp
Yn wensoarchsintrum De Lijte yn Oerterp hat moandeitejûn brân west. It fjoer ûntstie yn in jisketonne en koe fluch útmakke wurde.
De brân waard wol opskaald nei middelbrân. Dat hie net te meitsjen mei de grutte fan de brân, mar omdat der net genôch brânwachtlju beskikber wiene. En troch in ekstra melding wurde der mear minsken oproppen.