Stichtingsbestjoer SC Hearrenfean wol nije wike pas prate

10 des 2018 - 21:10

It stichtingsbestjoer fan Sportklup Hearrenfean wol pas takom wike - nei de algemiene gearkomste fan oandielhâders - taljochting jaan op it beslút dat se it fertrouwen yn de ried fan kommissarissen (rfk) opsizze. Rfk-foarsitter Jorrit Jorritsma sei moandei op in parsekonferinsje dat sy nije wike net opnij beneamd wurde. It stichtingsbestjoer fynt dat de klup bestjoerlike fernijing nedich hat.

Foto: www.orange-pictures.nl

sMear as dat wol it stichtingsbestjoer earst net kwyt, lit Stichtingsbestjoer-foarsitter Cees Roozemond moandeitejûn witte. "We willen graag eerst in overleg met het personeel om nadere toelichting en uitleg te geven." Pas dêrnei wol er mei de media prate. "Dat was wat ons betreft ook de reden dat vandaag alleen de directie en raad van commissarissen het podium kregen."

(advertinsje)