Jong Hearrenfean troch thúsferlies definityf net nei kampioenspûl

10 des 2018 - 20:50

De beloften fan Sportklup Hearrenfean ha moandei op eigen fjild mei 0-2 ferlern fan Jong FC Emmen. It wie de lêste reguliere kompetysjewedstriid. Troch it ferlies bliuwt Hearrenfean op it achtste plak stean. Dat is net genôch foar dielname oan de kampioenspûl, want dêr dogge allinnich de earste fiif oan mei.

Filip Bednarek keepte by de beloften (argyffoto) - Foto: www.orange-pictures.nl

Al nei seis minuten spyljen kaam Hearrenfean op efterstân. Jafar Arias skoarde foar Jong Emmen. Hearrenfean hie winne moatten om noch in kânske te hâlden op in top fiif-klassearring, mar dat slagge dus net. Yn de lêste minút fan de wedstriid makke Kasper Oldenburger de 0-2. Emmen pleatst him troch de winst wol foar de kampioenspûl.

Yn de twadde seizoenshelte moat Jong Hearrenfean no om liifsbehâld stride yn de saneamde degradaasjepûl. Dêryn dogge de lêste fiif út de kompetysje fan Jong Hearrenfean mei, plus de ûnderste fiif út in oare kompetysje.

Jong Cambuur

Tiisdei spilet Jong Cambuur noch thús tsjin de beloften fan De Graafschap. De Ljouwerters binne ek al kânsleas foar in plak by de earste fiif. By winst hellet Cambuur de Hearrenfean-beloften noch wol yn.

(advertinsje)