FIDEO: In Omrop-krystbeam foar Juul út Hurdegaryp

10 des 2018 - 20:29

Omrop Fryslân jout oant takom freed mear as 30 kear in komplete krystbeam kado, folslein mei fersiering en ljochtsjes.

Juul Hettema-Hartmann út Hurdegaryp waard moandei ferrast troch Johanna Brinkman. Juul is ponghâlder fan de motortoerklup 058 Bikers. Boppedat hat se har garaazje ôfstien oan it kluphûs, dêr't minsken fan de feriening alle moannen byinoarkomme.

Juul fersoarget altyd de hapkes en drankjes. En al har wurk foar de 058 Bikers docht se mei in laits op har gesicht. Dêrom fûn Meta Agema dat Juul de krystbeam fertsjinne.

Hâld de rest fan de wike ús programma's op radio en telefyzje yn de gaten foar de oare krystbeammen dy't we útdiele!

(advertinsje)
(advertinsje)