UNIS Flyers rekkenet foar it wykein op dúdlikheid oer iishockeyhal

Foarsitter Henk Hoekstra fan UNIS Flyers tidiget op dúdlikheid foar it wykein oer de iishockeyhal yn Thialf. Dy hal waard tongersdei sletten troch boargemaster Tjeerd van der Zwan, omdat de feilichheid net wis wie. No docht in ekstern bedriuw ûndersyk nei de feiligens fan de konstruksje en oft de hal wer brûkt wurde kin. "De kommende dagen krije we mear helderheid", seit Hoekstra. Foar't der dúdlikheid is, mei de hal ek net iepen.
It ljocht yn de iishockeyhal is út © Omrop Fryslân, Onno Falkena
"Der is hjoed direkt aksje ûndernommen", fertelde Hoekstra moandei. "It bedriuw besjocht alle dossiers. Ik ha der net folle ferstân fan, mar ik fyn it posityf dat se sa gau as mooglik oan de slach gong binne."

Alle dagen kontakt

Hoekstra wurdt alle dagen op de hichte holden troch de boargemaster. "De kommunikaasje mei de gemeente en boargemaster is direkt. Dat is foar ús in posityf gefoel. Alle partijen binne - begryp ik - drok dwaande om gau dúdlikheid te krijen oft de hal wer iepen kin. En ás de hal iepen kin, ûnder watfoar betingsten."
De yngong fan de iishockeyhal is ôfset mei in readwyt lint © Omrop Fryslân
"Elke dei dat we it earder witte, is better foar ús", seit Hoekstra. "Ek foar de jeugdteams, want dy bern wolle ek graach it iis wer op." It earste kin yn de Alvestêdehal yn Ljouwert traine, mar foar de jeugd is dat dreger te regeljen. "Dat binne tweintich teams. Dy kinne je net samar yn Ljouwert delsette."

Wedstriid fan saterdei wurdt útsteld

En it earste team fan UNIS Flyers kin dus wol traine yn Ljouwert, foar de wedstriden wurdt it dreger. "We ha goed kontakt mei de Capitals (de iishockeyklup yn Ljouwert, red.) om dêr ien of twa kompetysjewedstriden te spyljen. Mar we moatte wol in hiel senario meitsje foar ús kompetysjeskema. Saterdei soene we tsjin Herentals spylje, mar dy giet earst net troch. Dat is spitich, want it wie in topduel yn de BeNe League. Beide teams ha noch net ferlern. Dat soe saterdei 2.500 minsken betsjutte, foar ús in grutte aderlating dus."
Mei de oplossing om in pear wedstriden yn Ljouwert te spyljen, kin UNIS Flyers it noch even útholde. "Oant ein desimber kinne we, mei 'horten en stoten', yn prinsipe yn de kompetysje bliuwe."

Utkomst ûndersyk is ûnwis

Wat út it ûndersyk komt, bliuwt rûswurk foar Hoekstra. "It kin alle kanten op. De kommende dagen moat alles helder wurde."
Henk Hoekstra