Heale bestjoer basketbalklup Aris stapt nei dit seizoen op

10 des 2018 - 18:30

Basketbalklup Aris Leeuwarden ferliest oan de ein fan dit seizoen mear as de helte fan it bestjoer. Bestjoersleden Gert Schurer, Paul de Jong en Johan Meijer hâlde dermei op. It is tiid foar farsk bloed, seit Schurer. Hy is al mear as 20 jier aktyf as bestjoerslid fan de basketbalklup en hat der ûnder oare mei Johan Meijer foar soarge dat de klup no op it heechste nivo spilet.

Heale bestjoer basketbalklub Aris stapt nei dit seizoen op

"Aris heeft zeker een toekomst, ook als wij weg zijn." Oan it wurd is Gert Schurer, âld-basketballer en jierenlang ien fan de byldbepalende minsken binnen de basketbalklup yn Ljouwert. Mei de foarsitter en de ponghâlder makke hy bekend nei dit seizoen op te stappen. "Het is klaar nu. Het spel is te leuk, ik ben er verliefd op, maar er komt een moment dat het tijd wordt het stokje over te dragen."

It bestjut dat in soad ûnderfining ferdwynt. Ferline jier binne der twa nije bestjoersleden bykaam, Sierd Dijkman en Patrick Frimpong. Dy binne no sa'n bytsje ynwurke en dus is it no in goed momint it stokje oer te dragen: "We doen dat nu omdat we dan kunnen helpen bij het vinden van nieuwe mensen. Dan hebben we nog een half jaar om alles goed over te dragen."

Rûzige tiden

Yn de 20 jier dat Schurer belutsen wie by Aris is in soad bard. Jier op jier wie der striid om te oerlibjen: "Maar we zijn nooit failliet gegaan. Aris is denk ik de enige club die nooit een faillissement heeft hoeven aan te vragen. Daar ben ik best trots op."

Dochs fret al dat bestjoerswurk in soad tiid en enerzjy. Mar rôfbou hat it nea west, sa seit Schurer: "Nee, want het geeft ook veel energie. Maar wij hebben allemaal ook een drukke baan. Ik kan makkelijk af en toe weg maar basketbal kost tijd en er moet ook gewoon geld verdiend worden."

Griffin Kinney (rjochts) mei Drago Pasalic - Foto: www.dijksfotografie.nl

Nij bestjoer, nije kânsen

Der folgje mear fernijingen binnen Aris. De kâns is grut dat oan de ein fan dit jier ek trainer Tony van den Bosch ophâldt. "Hij is al boven de 60 en heeft aangegeven aan z'n pensioen te denken", seit Schurer. "Het geeft de nieuwe mensen de kans een nieuwe visie op te zetten en daar dan mee verder te gaan."

Hy hat dan ek in soad fertrouwen yn de takomst fan de klup yn de earedivyzje: "Het gaat uiteraard om geld en budgetten. De top 4 heeft een miljoen te besteden, de rest enkele tonnen. Maar we staan er goed voor. We worden gezien als een goede hechte club. Dan heb je een stevige basis staan."

Pakesizzer moat ek basketballer wurde

Ofskied nimme fan de klup dogge de mannen net. Schurer en Meijer bliuwe op de tribune sitten, op ôfstân. De tiid dy't hy oerhâldt, wol hy brûke foar ûnder syn pakesizzer: "Dat moet natuurlijk ook een basketballer worden en dan heeft hij een goede manager nodig", seit hy út de gek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)