Sportoersjoch: Medaljes op it iis yn Almaty

10 des 2018 - 17:39

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes yn it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.

Sportoersjoch fan 10 desimber 2018

SC Hearrenfean hat dit wykein mei romme sifers wûn yn Tilburch. Is de sportive krisis nei de eftergrûn? Foar de winter moatte de Feansters noch thús tsjin Utrecht en út nei NAC. Dan soe ynienen de subtop wer yn sicht komme.

Cambuur spilet moandeitejûn tsjin Jong PSV. De Ljouwerters wolle eins mar ien ding: revâns foar de ôfgong yn eigen hûs tsjin Eindhoven. Doe ferlear Cambuur kânsleas mei 3-1 fan de leechfleaner.

De shorttrackers sieten yn Almaty foar in wrâldbekeredstriid en binne weromkaam mei in hiel soad medaljes.

By it bobslydzjen wie dit wykein de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen yn Letlân. En dêr gie it mis mei Dennis Veenker fan It Hearrenfean.

By de basketballers fan Aris giet it ek al net geweldich. Dit wykein moasten se tsjin Leiden.

Wedstriid fan de wike

Danny Noppert fan De Jouwer is de earste Fries ea dy't meidocht oan it WK darts fan dartbûn PDC. Kommende freed spilet er yn de earste ronde tsjin Royden Lam út Hong Kong. Dat is de wedstriid fan de wike.

Trefwurden: 
Sportoersjoch
(Advertinsje)
(Advertinsje)