Noorderlicht krijt op 'e nij stipe fan Mondriaan Fonds

Fotografy-ynstelling Noorderlicht krijt yn 2019 op 'e nij stipe fan it Mondriaan Fonds. De ôfrûne twa jier krige Noorderlicht ek al stipe fan it fûns. Mei it jild wurde tentoanstellingen en manifestaasjes oer de hiele wrâld organisearre, ek yn Fryslân en Grinslân.
Iepening tentoanstelling Ton Broekhuis - Terzijde © Hanne van der Velde
Noorderlicht, ek bekend as 'Huis van de Fotografie', hat oer de ôfrûne 30 jier 326 tentoanstellingen yn 110 lannen mooglik makke, mei wurk fan 2.600 fotografen. Neist eksposysjes fersoarget Noorderlicht ek katalogy en fotoboeken.
Mei it jild fan it Mondriaan Fonds sil Noorderlicht mear tentoanstellingen en oare projekten organisearje, mei in fokus op fotografy en ferbyldzjende non-fiksje.