Dockinga College hâldt mobylfrije dei: tafeltennisje en toutsjespringe

10 des 2018 - 17:27

Op it Dockinga College yn Dokkum sjogge se in skealike ynfloed fan de smartphone. Bern ha ûnderling minder kontakt mei elkoar en de konsintraasje hat derûnder te lijen, sizze se. Omdat it wol wat minder mei, hat de skoalle no in ludike aksje betocht: in hiele dei sûnder mobyltsje.

Dockinga hâldt mobylfrije dei

De bern moasten oan it begjin fan de skoaldei de telefoan yn har klûs dwaan, dat waard ek kontrolearre én beleanne. It skoft duorre tsien minuten langer as oars en de bern bleaunen binnendoar.

Dêr wienen aktiviteiten organisearre sadat bern wer echt mei elkoar oan de gong wienen, lykas tafeltennisje en toutsjespringe.

Foto: Omrop Fryslân

No moatte we ús ferfele

De mieningen fan de bern ferskille oer de mobylfrije dei. It grutste part fan de learlingen fûn it in stomme aksje. "Ik fyn it hielendal neat. Normaal sit ik elk skoft op myn telefoan, mar no kin dat net. Ik fyn toutsjespringe en tafeltennisje ek net leuk, dus no moatte wy us ferfele", seit ien fan de learlingen.

Dochs binne der ek bern dy't it wol hiel leuk fine om mei oare learlingen te praten. "Oars sit elkenien altyd op syn telefoan, en no kinne we tegearre leuke spultsjes dwaan. Foar ien kear is it wol leuk, mar net elke dei hear!"

Mear mei elkoar prate

Gymnastykdosint Jan Sierksma is ien fan de inisjatyfnimmers fan de aksje. "Wy seagen yn it skoft in protte learlingen op de telefoan sitten. Doe tochten wy: hjir moatte wy wat oan dwaan. Wy hoopje dat de bern harren bewust wurde fan de ynfloed fan de mobile telefoan en dat se yn it ferfolch wat mear mei elkoar prate", seit Sierksma.

De aksje wie foar ien kear en de dosinten wolle earst de reaksjes fan de bern ôfwachtsje.

Ut ûndersyk docht bliken dat minsken mear op de telefoan sitte as dat se tiid trochbringe mei harren partner of freonen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)