Earste Fries ea op WK darten is 'Wedstriid fan de wike'

10 des 2018 - 17:20

It is in primeur foar Fryslân: Danny Noppert is de earste Fries ea op it grutte WK darten fan it Ingelske bûn PDC. Freed komt de Jouster foar de earste kear yn aksje tsjin Royden Lam út Hong Kong.

Foto: www.orange-pictures.nl

Op papier is it in geunstige lotting foar Noppert. "Mar: syn tsjinstanner is beslist gjin koekebakker. Lam wûn in healjier lyn noch fan Gary Anderson", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Gelokkich is Noppert ek goed yn foarm. Hy wûn ferline wykein noch fan rekôrkampioen Phil Taylor."

Mocht Noppert de earste ronde trochkomme, dan is sneon fuortendaliks de twadde ronde. Dêryn wachtet de as nûmer 32 pleatste Max Hopp. Hoe't it Noppert fergiet yn Londen is te folgjen by Omrop Fryslân, dat derby is yn Ingelân.

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)