Museum Belvédère krijt skilderij fan Giorgio Morandi

10 des 2018 - 17:13

Museum Belvédère yn Oranjewâld krijt in belangryk wurk fan de Italiaanske skilder Giorgio Morandi (1890-1964). Yn de maitiid wie yn it museum in suksesfolle tentoanstelling te sjen fan de grutmaster fan it stillibben.

Foto: Museum Belvédère

It wurk Natura Morta út 1955 wie in hichtepunt op de tentoanstelling. Nei oanlieding dêrfan besleaten twa brûklienjouwers út Amsterdam it wurk oan it museum te skinken. Dat bart yn sân jierlikse terminen, dus yn 2024 mei it museum him de eigener neame.

De wearde fan it skilderij wurdt taksearre op wat mear as in miljoen. "Op veilingen gaat het om bedragen tussen de 1,2 en 1,6 miljoen euro", fertelt Han Steenbruggen, direkteur-konservator fan it museum.

It museum is wiis mei de oanwinst. "In eerste instantie zou het stuk naar een museum in de Randstad gaan, we hadden dit niet gedacht", fertelt Steenbruggen. "Het is één van de beste stillevens van Morandi." Neffens de direkteur-konservator past it skilderij ek goed yn de kolleksje fan it museum. "Morandi is de favoriete schilder van veel kunstenaars van wie wij werk verzamelen", ferklearret Steenbruggen. "De grote wens een tentoonstelling van Morandi's werk samen te stellen, hebben we kunnen realiseren, maar nooit hadden we verwacht een stilleven van hem te kunnen verwerven."

De presintaasje fan de oanwinst is yn de hjerst fan 2019 op de grutte kolleksjetentoanstelling dy't Museum Belvédère organisearret by it 15-jierrich jubileum.

(advertinsje)
(advertinsje)