Meiwurkers SC Hearrenfean: djip teloarsteld yn Stichtingsbestjoer

10 des 2018 - 17:03

Meiwurkers fan Sportklup Hearrenfean skriuwe yn in brief op de klupwebside dat se djip teloarsteld binne yn it Stichtingsbestjoer. De brief komt nei oanlieding fan it nijs út de parsekonferinsje fan moandei. Dêryn fertelde algemien direkteur Luuc Eisenga dat er fan maart ôf syn funksje delleit en waard bekend dat it Stichtingsbestjoer it fertrouwen opseit yn de ried fan kommissarissen (rfk). Dat lêste makke Jorrit Jorritsma, foarsitter fan de rfk, bekend.

Roelof de Vries oer de bestjoerskrisis by SC Hearrenfean

De meiwurkers tochten dat mei de bestjoerlike feroaring yn 2016 in swiere perioade mei ûnrêst ôfsletten waard. Yn 2016 begûnen Eisenga en de nije ried fan kommissarissen by Hearrenfean. "Het personeel heeft behoefte aan rust, helderheid en transparantie", skriuwe de meiwurkers yn de brief.

De rêst is fuort

Se bale derfan dat dy rêst der net mear is. Under oare yn de media ferskine berjochten mei de miening fan de leden fan it Stichtingsbestjoer. As foarbyld helje de meiwurkers oan dat yn de Ljouwerter Krante fan 5 desimber stie dat der noch mar in bytsje draachflak wie foar Luuc Eisenga.

"Ook is het opmerkelijk dat een journalist op de hoogte is van dat moment van overleg 'binnen de hoogste kringen'", stiet yn de brief. Sokke publikaasjes binne beslist net winske en ek net yn it belang fan de klup, fine de meiwurkers. Se wiene ek ferrast troch de berjochtjouwing oer it fuortgean fan Eisenga. Se fine it "hoogst opmerkelijk dat wij als medewerkers op geen enkele manier door het Stichtingsbestuur geïnformeerd zijn".

"Klaar met de negatieve berichtgeving"

"De medewerkers zijn klaar met de negatieve berichtgeving en zijn mede daardoor diep teleurgesteld in het Stichtingsbestuur", stiet yn de brief. Se wolle har ek net dwaande hâlde mei berjochten yn de media. Parsewurdfierder Erik Kofman fan de klup seit ek dat se fierder gjin kommentaar leverje wolle.

Wij verwachten dat het Stichtingsbestuur op constructieve wijze in gesprek gaat.

Meiwurkers yn de brief

De brief wurdt ôfsletten mei in oprop oan it Stichtingsbestjoer: "Wij verwachten dat het Stichtingsbestuur op constructieve wijze in gesprek gaat met de or en betrokkenen om op professionele wijze richting de toekomst te kijken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)