Stichtingsbestjoer: bestjoerlike fernijing nedich by SC Hearrenfean

10 des 2018 - 16:43

It Stichtingsbestjoer fan Sportklup Hearrenfean fynt dat de klup bestjoerlike fernijing nedich hat. Dat ha se yn in ferklearring op de webside stean. Jorrit Jorritsma, de foarsitter fan de ried fan kommissarissen, fertelde moandei op in parsekonferinsje al dat sy gjin fertrouwen mear krije fan it Stichtingsbestjoer.

Roelof de Vries oer de bestjoerskrisis by SC Hearrenfean

Opmerklik is dat neffens it Stichtingsbestjoer twa fan de trije kommissarissen opstappe. Njonken Jorritsma is dat Gerard Kremer. Allinnich oer de posysje fan Hans Westerhof is noch ûndúdlikens. Dêroer komt, sa skriuwt it Stichtingsbestjoer, nei de Algemiene Ledegearkomste fan 17 desimber mear dúdlikens.

Op dyselde dei wurde ek de nije leden fan de ried fan kommissarissen bekend. Dy ried kin dan de nije algemiene direkteur beneame. De opfolger fan Luuc Eisenga dus, dy't nei 1 maart ophâldt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)